‘Theaterkerk Nes’ yn teken fan Fryske midsiuwen

Op 31 jannewaris om 20.00 oere stiet de ‘Theaterkerk Nes’ yn it teken fan de Fryske midsiuwen. Aant Jelle Soepboer nimt it publyk yn syn lêzing ‘it ferhaal fan de ferliezers’, mei nei de tiid fan kening Rêdbâd, de tiid wêryn ’t Fryslân noch in grut en machtich ryk wie, it saneamde Magna Frisia. De […]

Written By AnneG Breteler

On 29 november 2019
"

Read more

Op 31 jannewaris om 20.00 oere stiet de ‘Theaterkerk Nes’ yn it teken fan de Fryske midsiuwen.

Aant Jelle Soepboer nimt it publyk yn syn lêzing ‘it ferhaal fan de ferliezers’, mei nei de tiid fan kening Rêdbâd, de tiid wêryn ’t Fryslân noch in grut en machtich ryk wie, it saneamde Magna Frisia. De lêzing, dy’t earder al in mear as útferkochte seal yn it Frysk Museum oplevere, giet yn op it libben fan de Friezen yn de iere midsiuwen en jout antwurd op fragen lykas ‘wiene de Friezen Vikingen?’ en ‘wie Fryslân wol ien grut ryk?’

Baldrs Draumar

De populêre folk en folkmetal band Baldrs Draumar sil it ferhaal muzikaal omliste mei harren prachtige akoestyske lieten. De band toert troch hiel Europa en komt spesjaal foar dizze jûn nei ‘ús’ prachtige teatertsjerke! It hoecht gjin fierdere útlis dat dit in unyk konsept is!

Trijegongenmiel

Foar de echte midsiuwske leafhawwers sil de jûn justjes earder begjinne mei in wier midsiuwsk trijegongenmiel, klearmakke troch sjefkok Wiebe de Jong! Reservearje? Klik hjir!

Kaarten (€15,-) binne te krijen fia dizze webside. Let op: dizze priis is eksklusyf it trijegongsmiel.

0 reacties

Geef een reactie